Kollum: "Lee Harvey Oswald"

24 nov 2018 - 09:26

It is hjoed 24 novimber. De earste nachtfroasten ha west, de beammen binne fierhinne keal. Samar in dei yn novimber, in graad as fiif. Op foarhân net in dei dy't histoarysk wurde sil. Dat tochten se yn 1963 yn it Amerikaanske Dallas ek. Dallas, dy stêd yn Texas dêr't yn de 80'er jierren dy searje oer op tv wie, oer de famylje Ewing, dy't yn de oalje siet. Jim sille it grif noch witte.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Jack Ruby is in namme dy't grif hjir en dêr ek wol in beltsje rinkelje lit. Mar wa wie dat ek al wer? Jack Ruby wie it fiifde bern yn in Poalsk/Joadske ymmigrantegesin út Chicago. Hy waard berne earne yn de maitiid fan it jier 1911, mar de krekte datum is frijwat skimich. Hy tsjinne yn de oarloch en dêrnei ferhûze er nei Dallas, dêr't er as manager wurke yn nacht- en stripklups en as agint foar artysten.

Op 24 novimber 1963 skeat Jack Ruby mei in Colt revolver Lee Harvey Oswald del. Twa dagen earder hie Oswald de Amerikaanske presidint Kennedy deasketten. Ien fan de meast romrofte moarden op in politikus út de skiednis. De wrâld wie skokt, om it mar ris yn begryplike D66 taal te sizzen.

De spesjalisten yn it Parkland sikehûs fochten foar de twadde kear yn ien wike foar it libben fan in ferneamde Amerikaan, mar beide kearen moasten se de striid ferlieze. Jack Ruby syn Colt makke dien wurk, hy skeat Oswald syn lever, milt en aorta oan barrels en dêr kinne de measte minsken net sa goed oer. Dus foardat der ek mar in begjin fan in strafproses op gong kaam wie, waard de fermoedlike moardner fan de presidint al likwidearre.

Jack Ruby stoar in oantal jierren letter, op 3 jannewaris yn it jier 1967. Hy waard foar de moard op Oswald yn earste ynstânsje ta de deastraf feroardiele, mar dat fonnis waard letter net jildich ferklearre. De rjochters yn Dallas soenen net ûnôfhinklik west ha en swier ûnder druk stean troch alle oandacht dy't de saak yn Dallas krige.

Dus waard besletten dat de saak oerdien wurde moast op in wat mear neutraal terrein, as der al soks bestiet. De irony wol, dat Jack Ruby yn de finzenis siet te wachtsjen op in nij proses, doe't er in longsykte krige en stoar. Krekt as Oswald, de man dy't er deasketten hie, wie Ruby dea foardat er in nij strafproses op gong kaam dat him miskien wol in lichtere straf oplevere hie.

Yn alle geweld fan dy novimbermoanne yn 1963, is de dea fan J.D. Tippet ien dêr't jim grif noch nea fan heard ha. Dy bêste man wie mar in gewoane plysje, dy't tafallich op it ferkearde momint op it ferkearde plak wie. Hy hearde dat de presidint delsketten wie en herkende troch de persoansbeskriuwing Lee Harvey Oswald. Hy soe him oanhâlde, mar rûn tsjin in kûgel oan.

Oswald hat nea tajûn dat er de moarden op syn gewisse hat, sterker, hy ûntkende alles. De mooglikheid om yn in proses syn ûnskuld te bewizen is him troch Jack Ruby ûntnaam. In swarte side yn de wrâldskiednis.

(advertinsje)