Ireen Wüst wint 1500 meter op Japansk bûteniis, De Jong wurdt fjirde

24 nov 2018 - 09:17

Ireen Wüst hat har earste wrâldbekeroerwinning fan it nije reedrydseizoen te pakken. De 32-jierrige Hearrenfeanster wie op it bûteniis yn Tomakomai yn Japan de bêste op de 1500 meter. De olympysk kampioen op dizze ôfstân wûn yn in nij baanrekôr fan 1.58.74. Antoinette de Jong fan Rottum helle it poadium krekt net. Se waard fjirde yn 1.59.95.

Foto: www.orange-pictures.nl

De Japanske Miho Takagi einige yn Tomakomai foar eigen publyk op it twadde plak (1.59.28). De Amerikaanse Brittany Bowe behelle it brûns mei in tiid fan 1.59.82. Bowe wûn foarige wike de earste wrâldbekerwedstiid 1500 meter noch yn Obihiro. Yn it klassemint om de wrâldbeker stiet Wüst no op it tredde plak, efter Bowe en Takagi. De Jong stiet fjirde.

500 meter

Op de 500 meter foar froulju koene de Friezinnen Letitia de Jong en Janine Smit net foar in ferrassing soargje. De Jong waard tolfde, Smit fjirtjinde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)