Danny Noppert troch by Players Championship Finals

Darter Danny Noppert hat de twadde ronde berikt fan de Players Championship Finals yn Minehead, Ingelân. De Jouster wûn freedtejûn yn de earste ronde mei 6-3 fan Rowby-John Rodriguez út Eastenryk.
Danny Noppert © www.orange-pictures.nl
Yn de twadde ronde, dy't sneon spile wurdt, is de Ingelskman Mervyn King de tsjinstanner fan Noppert.
De top-64 fan de PDC Players Championship Order of Merit docht mei oan it toernoai yn Minehead. It toernoai duorret oant en mei moandei 26 novimber en it prizejild is 460.000 Britske pûn. It is it lêste grutte toernoai foarôfgeand oan de wrâldkampioenskippen yn Alexandra Palace yn London (13 december oant 1 jannewaris).