Man slim ferwûne nei mishanneling yn Jobbegea

Yn Jobbegea is yn de nacht fan freed op sneon in man slim ferwûne rekke by in rûzje. Hy krige neffens de plysje bûten in wenning oan de Schoolweg in klap op de holle mei in noch ûnbekend foarwerp. It 60-jierrige slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.
© De Vries Media
Hoe't de rûzje ûntstien is, is noch net dúdlik. De plysje docht noch ûndersyk. Der is oan't no ta net ien oanhâlden.