Omrop TIP: Switserske kust
Witst wêr't it iten datst ytst weikomt? De minske hat in fertroebele relaasje mei de natuer. Oan de hân fan it ferhaal fan twa lytsskalige kustfiskers út de Waadsee wurdt yn 'Switserske kust' it ferbân lein tusken de de Alpen en de Waadsee. Twa fan de grutste natuergebieten fan Europa.
Fan de Alpen nei de Waadsee en wer werom
Waadseefiskers Jan en Barbara fiskje noch op in manier dy't út de prehistoarje stammet. Op de grins fan lân en see litte sy yn de Fryslân DOK dokumintêre sjen hoe't de minske yn relaasje stiet ta de natuer. As ûnderdiel fan de natuer hat alles dat de minske docht dêr in effekt op. Sa leit der ek in ferbining mei de Switserske Alpen: fiedingsstoffen yn it berchwetter foarmje in sûne fiedingsboaiem foar de oesters, moksels en fisk dat it fiskerspear fangt yn de Waadsee, wêrnei't it ferkocht wurdt yn: Zürich. Sa is de sirkel wer rûn.
De Fryslân DOK dokumintêre 'Switserske kust' is op snein 25 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.