ChristenUnie Achtkarspelen wurket oant alternatyf foar amtsgebed

De ChristenUnie yn Achtkarspelen wurket oan in alternatyf foar it amtsgebed by riedsgearkomsten. Dat seit fraksjefoarsitter Toos van der Vaart-Kralt. Tongersdeitejûn waard it amtsgebed ôfskaft yn de gemeente, op inisjatyf fan de VVD en de FNP. Der binne hieltyd minder riedsleden dy't kristlik binne en dy't efter it gebed stean. Boppedat soe in kristlik gebed net passe by in ried dy't him ynsette wol foar alle boargers, wat foar leauwen sy ek hawwe.
De riedseal fan Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma

Bidde..

Van der Vaart fynt it spitich dat in mearderheid fan de ried der sa oer tinkt. Sy wol no besjen oft it mooglik is om krekt foar alle riedsgearkomsten yn in aparte romte koart byelkoar te kommen mei alle kristlike riedsleden om te bidden. Dat kin wêze mei riedsleden fan it CDA en de ChristenUnie, mar ek mei riedsleden fan oare partijen.

of besinne..

Sa'n losse gearkomste mei in gebed, koart foar de riedsgearkomste, sprekt frou Van der Vaart mear oan as in momint fan besinning, dat tongersdei by de diskusje oer it amtsgebed as mooglik alternatyf sjoen waard. Om sa'n momint fan besinning mooglik te meitsjen, hie de ChristenUnie ynstimme moatten mei it ôfskaffen fan it amtsgebed en dat woe Van der Vaart net.