Film 'Wad' lûkt al mear as 90.000 besikers

24 nov 2018 - 07:04

De film 'Wad' fan dokumintêre-makker Ruben Smit hat al mear as 90.000 besikers nei de bioskoop lutsen. "Dy 100.000 helje we ek wol", seit Jelle Ruurd van der Leij. Van der Leij fan Easterwâlde wie as kameraman belutsen by de film.

Ruurd Jelle van der Leij - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

De belangstelling fernuveret him net, om't in soad minsken wol wat mei it Waad ha. Oan de oare kant neamt er de sifers 'relatyf'. "Yn fergeliking mei de grutte kaskreakers stelt it allegear net sa folle foar."

Yn it radioprogramma Buro de Vries fan de Omrop komt no snein in radioreportaazje oer natuerman en -fotograaf Ruurd Jelle van der Leij. Dêryn komt ek de fraach oan de oarder oft it no in kwestje fan gelok is, dat hy krekt dy moaie sênes foar de lins krijt. "As it sa faak bart, leau ik net dat ik gelok is. Ik tink dat de fûgels letterlik op my ôfkomme."

Mear snein om 11 oere yn Buro de Vries.

(advertinsje)
(advertinsje)