Cambuurtrainer René Hake stekt teloarstelling net ûnder stuollen of banken

23 nov 2018 - 23:35

Cambuurtrainer René Hake wie swier teloarsteld nei ôfrin fan de útwedstriid tsjin FC Den Bosch. De Ljouwerters wiene freedtejûn baas op it fjild, mar koene it grutte oantal kânsen net fersulverjen. It waard úteinlik 1-1.

Rene Hake 23-11

"Qua spel speelden we geweldig, maar uiteindelijk qua meedogenloos zijn en de kansen afmaken niet", sei Hake. "Met rust hadden er bij ons minimaal drie in het mandje moeten liggen." Neffens de trainer ûntbrekt it syn ploech oan skerpte, rêst en kwaliteit. "Anders liggen die ballen er wel in."

Nei de tee waard Cambuur wol beleanne. Nigel Robertha makke yn de 49e minút de iepeningstreffer. Hake: "Ook al was dat een soort van frommelgoaltje. Maar goed, die tellen ook." De tsjingoal fan Den Bosch yn de 80e minút waard neffens Hake nayf fuortjûn troch Cambuur. "En dan sta je gewoon zwaar teleurgesteld hier."

Kevin van Kippersluis 23-11

Kevin van Kippersluis koe it ek net leauwe dat se freedtejûn mar ien punt skoard hawwe. "We creëerden heel veel kansen. Zeker de eerste helft speelden we met vlagen echt heel goed voetbal. We konden de vrije man vinden, we konden combineren", seit Van Kippersluis.

Dat de wedstriid einige yn 1-1 wie fan tefoaren hast net te foarsizzen. "Vandaag speel je een goeie pot, maar je koopt er helemaal niks voor als je twee keer één punt haalt", seit Van Kippersluis, referearjend oan de wedstriid fan ferline wike. Doe waard it 1-1 tsjin Volendam.

Cambuurtrainer René Hake stekt teloarstelling net ûnder stuollen of banken

(Advertinsje)
(Advertinsje)