UNIS Flyers wint mei 5-2 fan Ahoud Devils Nijmegen

23 nov 2018 - 23:04

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha freedtejûn yn Nijmegen mei 5-2 wûn fan Ahoud Devils Nijmegen. In moanne lyn ferlear de ploech fan coach Mike Nason noch mei deselde sifers fan de Devils.

Pippo Limnell Finocchiaro van de UNIS Flyers - Foto: www.orange-pictures.nl

Binnen de minút iepene Adam Bezak de skoare foar de Feansters. Net folle letter wie it Ernesto Klem dy't de skoare op 2-0 sette. Yn de twadde perioade koene beide teams net skoare, mar de tredde perioade begûn wer goed foar de ploeg út It Hearrenfean.

It wie wer Bezak mei it doelpunt. Oan it ein fan de wedstriid koene de Flyers profitearje fan in powerplay situaasje. Pippo Limnell Finocchiaro makke de 4-0.

De Nijmegenaren koenen efkes letter noch wat werom dwaan, en makken de 4-1. Efkes like it dat de foarsprong fan de Flyers noch yn gefaar komme soe, want gelyk dêrnei waard it ek 4-2. It lêste doelpunt fan de jûn wie lykwols wer foar de Flyers. It wie Marco Postma dy't de puck yn it lege goal fan Nijmegen sjitte koe: 5-2.

(Advertinsje)
(Advertinsje)