Duorsumste hûs yn Nederlân fan foar 1945 stiet yn Stiens

By de ferkiezingen foar it duorsumste hûs fan it lân hawwe Trudy en Willem van Riemsdijk út Stiens wûn yn de kategory 'Duorsumste hûs fan foar 1945'. De ferkiezing waard freedtejûn yn Apeldoorn hâlden.
Duorsumste hûs fan foar 1945 © Google StreetView
It doktershûs yn Stiens is keazen troch de sjuery ta duorsumste hûs fan foar 1945. It hûs is in Ryksmonumint út 1838.

Feanwâlden

Earder waard it hûs fan Marc en Geke van der Wal út Feanwâlden al ferkeazen ta duorsumste hûs fan de provinsje Fryslân. Om't de ferkiezing foar duorsumste hûs fan it lân fierder gie mei publyksstimmen, lutsen de eigeners fan dat hûs harren werom. Neffens Van der Wal gie it net mear om wa't it duorsumste hûs hat, mar wa't it grutste netwurk hat.