Drachtster Boys wint yn ekstremis Fryske derby fan Avanti

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys ha freedtejûn in 3-2 oerwinning op Avanti behelle. Yn de beginfaze fan de wedstriid wie it Jessie Prijs fan Drachtster Boys dy't foar it earste gefaar soarge. Har skot belâne op de lat. Nettsjinsteande it grut tal kânsen giene beide ploegen oan de tee mei de brilstân op it skoareboerd.
Repo Drachtster Boys wint yn ekstremis Fryske derby fan Avanti

Goals yn de twadde helte

Oan it begjin fan de twadde helte wie Avanti daliks gefaarlik. It skot fan Si Shut Hau koe mar krekt troch de keeper fan Drachtster Boys, Anna Reitsma, njonken tikke wurde. Net folle letter waard de skoare einlik iepene troch de ploech út Drachten. Mei in lobke ferrifele Jessie Prijs Avanti-keepster Marieke Smit.
Avanti kaam gelyk mei in reaksje. In frije traap fan Marije Procee sûze langs elkenien del en belâne achter Reitsma yn de goal: 1-1. De ploech út Stiens sette troch en it wie Si Shut Hau mei de foarset en Marije Procee dy't har twadde goal fan de jûn meitsje koe en sa Avanti op in 2-1 foarsprong sette.

Drachtster Boys mei slotoffinsyf

Oan it ein fan de wedstriid treau Drachtster Boys oan. Lange tiid koe keepster Smit de lymakker tsjinhâlde, mar trije minuten foar it ein wie it Lisanne Kempe dy't út de draai de 2-2 makke. Kempe makke it slotoffinsyf fan Drachtster Boys hielendal kompleet doe't se mei noch 42 sekonden op 'e klok har twadde en winnende goal makke: 3-2.
Troch de oerwinning komt Drachtster Boys op 12 punten út 10 wedstriden. Avanti bliuwt stean op 3 punten út 10 wedstriden.
Derby Drachtster Boys -Avanti reaksjes
Reaksje Kim Poepjes fan Avanti