SC Cambuur kin kânsen tsjin FC Den Bosch net omsette yn winst

23 nov 2018 - 22:13

SC Cambuur hat freedtejûn mei 1-1 lyk spile yn en tsjin Den Bosch. Dêrmei ha de Ljouwerters yn elk gefal de Bosschenaren ôfholden fan in rekôr fan njoggen oerwinningen op rige.

Rene Hake 23-11

Yn de earste helte wiene der in soad kânsen foar beide ploegen, mar sawol FC Den Bosch as SC Cambuur slagge der net yn om te skoaren. Dêr kaam lykwols feroaring yn koart nei rêst yn it foardiel fan de Ljouwerters. Nigel Robertha wist yn de 49e minút út in rommelige situaasje wei de 1-0 op it skoareboerd te setten.

De ploech fan trainer René Hake hold dy foarsprong lang fêst, mar moast yn de 80e minút tasjen hoe't Danny Verbeek in frije traap fia de peal yn it doel fan Xavier Mous skeat (1-1). Ek dêrnei krige Cambuur noch kânsen, mar wist dy net mear te benutten.

Kevin van Kippersluis 23-11

(Advertinsje)
(Advertinsje)