Arjan Stroetinga twadde by Trachitol Trophy yn Utrecht

23 nov 2018 - 21:30

Gary Hekman, út de ploech fan AB Vakwerk út Snits, wûn freedtejûn de twadde wedstriid fan de Trachitol Trophy yn Utrecht. It tempo lei heech by de manlju en joech de riders gjin kâns om fuort te kommen. Mei noch in pear rûntsjes te gean, siet it hiele peloton noch byinoar. Dêrmei wie it al gau dúdlik dat it in massasprint wurde soe.

Foto: Neeke Smit

Mei de fiif riders fan Royal A-ware, mei Jorrit Bergsma op kop, gie it peloton de lêste ronde yn. Sy probearren harren ploechgenoat en lieder fan it klassemint, Evert Hoolwerf, yn in goede posysje te bringen foar de lêste meters. Mar Gary Hekman kaam bûtenom en wûn mei oermacht de massasprint. Efter him folge Arjan Stroetinga op it twadde plak en Evert Hoolwerf einige as tredde.

Hoolwerf hâldt de lieding yn it klassemint fan de maraton fan fjouwer dagen. Sneon sille de riders yn aksje komme in Hoorn en snein ride se de finale yn Grins.

(advertinsje)
(advertinsje)