Epke Zonderland nei rekstôkfinale wrâldbekerwedstriid

23 nov 2018 - 21:19

Turners Epke Zonderland en Bart Deurloo hawwe har by de wrâldbekerwedstriid yn it Dútske Cottbus pleatst foar de finale fan de rekstôk. Mei respektyflik 14,266 en 14,133 punten, einigen regearjend wrâldkampioen Zonderland en Deurloo op it tredde en fjirde plak by de kwalifikaasjes.

Epke Zonderland op it WK yn Doha - Foto: ANP

De Kroaat Tin Srbic, de wrâldkampioen fan 2017 op dit tastel, pleatste him mei 14,533 punten as earste foar de einstriid op snein. Arthur Nory Mariano út Brazilië notearre de twadde skoare. Hy behelle likefolle punten als Zonderland, mar troch in hegere skoare foar de útfiering einige hy boppe de Fries.

Zonderland behelle begjin dizze moanne yn Doha foar de tredde kear de wrâldtitel op de rekstôk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)