Manon Kamminga opnij op it twadde plak yn Trachitol Trophy

23 nov 2018 - 21:08

Manon Kamminga fan de nije ploech A6.nl waard freedtejûn yn Utrecht twadde yn de twadde wedstriid fan de Trachitol Trophy. It wie in wedstriid wêryn't in soad gebeurde, mei ferskate kopgroepen dy't in aardich ein fuort ride koene. Ineke Dedden fan It Hearrenfean kaam in hiel ein, mar waard weromhelle troch de ploech fan Royal A-ware fan Jillert Anema.

Foto: Neeke Smit

Yn it ferrin fan de wedstriid like it in massasprint te wurden, mar sa fier kaam it net. Der kaam dochs noch in kopgroep, dêr't hast alle toppers yn sieten, dy't in heale ronde foarsprong pakte op it peloton. Irene Schouten út de ploech fan Jillert Anema wûn úteinlik mei gemak de sprint, mei Manon Kamminga efter har op it twadde plak. Marijke Groenewoud, ploechmaat fan Irene, út Hallum einige as tredde.

Irene Schouten wie al lieder fan it klassemint fan de maraton fan fjouwer dagen en dy posysje behâldt sy mei dizze oerwinning. De Trachitol Trophy duorret noch oant en mei snein. Sneon komme de dames yn aksje yn Hoorn en snein is de finale yn Grins.

(Advertinsje)
(Advertinsje)