FNP nimt opnij dúdlik stânpunt yn tsjin wynmûnen op lân

23 nov 2018 - 20:53

De FNP bliuwt tsjin wynturbines op lân, ek as dy mar 15 meter heech binne. Dat hawwe de leden fan de FNP freed yn mearderheid bepaald op de algemiene ledegearkomste yn Wurdum.

Ferslachjouwer Jan Dirk de Haan wie by gearkomste fan de FNP

In groepke FNP'ers, ûnder lieding fan riedslid Sicco Rypma ut Súdwest-Fryslân, woe dat it partijprogramma foar de steateferkiezingen fan takom jier oanpast wurde soe. Sy woene lytse wynturbines mei in hichte fan 15 meter tastean. Sa soene Friezen har eigen enerzjy opwekke kinne.

Der folge freedtejûn in fûle diskusje. In diel fan de leden fûn dat de FNP net langer blyn wêze kin foar de enerzjytransysje, en sadwaande net tsjin wêze kin op it opwekken fan duorsume enerzjy.

Undergong FNP

Oaren foarseine de ûndergong fan de FNP, omdat de partij in ûndúdlik profyl krije soe by de steateferkiezingen, as it heldere stânpunt tsjin wynturbines op lân ferlitten wurde soe.

De stimmen moasten mei de hân teld wurde om de útkomst te bepalen. It waard 72 foar en 91 tsjin. Dêrmei waard de oanpassing fan it ferkiezingsprogramma fan tafel fage.

Trefwurden: 
FNP wynmûne partijprogramma
(advertinsje)
(advertinsje)