Iepenbier Ministearje tekenet heger berop oan tsjin alle blokkearfriezen

23 nov 2018 - 20:39

It Iepenbier Ministearje hat freed heger berop ynsteld tsjin it fonnis fan de rjochtbank yn alle 34 saken fan de A7-blokkearders. De blokkearfriezen setten ferline jier it ferkear op de A7 fêst, om in demonstraasje tsjin Swarte Pyt by de Sinteklaasyntocht yn Dokkum tsjin de hâlden.

Jenny Douwes - Foto: Kappers Media

De rjochtbank joech de fertochten twa wiken lyn taakstraffen, mar se waarden frijsprutsen fan it ferhinderjen fan in demonstraasje troch geweld of it driigjen mei geweld. Justysje is it dêr net mei iens en hat dêrom heger berop oantekene.

Parse-offisier Pieter van Rest fan it IM: "Wij vinden dat er echt sprake is geweest van het verhinderen van de betoging door geweld of bedreiging met geweld. Dus wij willen dat nog een keer aan het Hof voorleggen. Wat ons betreft hadden ze daarvoor veroordeeld moeten worden."

Parse-offisier Pieter van Rest fan it Iepenbier Ministearje

Jenny Douwes waard twa wiken lyn feroardiele foar 'opruiing', mar de rjochtbank fûn dat se net mei-ferantwurdlik is foar de blokkade. It IM is it ek hjir net mei iens. "Ze is wel degelijk mede-verantwoordelijk geweest. Ook door haar betrokkenheid na de Facebook-oproep, want toen is ze contact blijven houden gedurende het hele proces", sa seit Van Rest.

Freed waard bekend dat fan de 34 blokkearfriezen 19 heger berop oantekene ha tsjin de útspraak fan twa wiken lyn. Under har is ek Jenny Douwes. In groep fan 15 oare blokkearfriezen leit him by de útspraak del en sil de wurkstraffen útfiere.

(advertinsje)
(advertinsje)