LIVE: Earedifyzjederby Drachtster Boys - Avanti

23 nov 2018 - 20:15

Der stiet dit wykein wer in echte Fryske derby op it programma. De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys en Avanti treffe inoar yn de earedifyzje. It is de 'Wedstriid fan de wike' by Omrop Fryslân, dy't freed fan 20.30 oere ôf live te sjen is op de webside en yn de Omrop-app.

De lêste kear dat beide ploegen inoar troffen wie yn maart fan dit jier. Doe fersloech Drachtster Boys Avanti thús mei 3-2. In pear moannen earder, yn desimber 2017, wûn Avanti yn eigen hûs mei 4-3 fan Drachtster Boys.

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)