Boerebedriuwen moatte better taret wêze op waarekstremen

23 nov 2018 - 20:00

In mearjierrich aksjeprogramma moat boeren, it fee en de gewaaksen better bestân meitsje tsjin waarekstremen, sa as de drûchte fan ôfrûne simmer. Dat skriuwt minister Carola Schouten yn in brief nei de Twadde Keamer. It aksjeprogramma soe opsteld wurde moatte mei alle belutsenen yn de sektor.

Rispinge fan ierappels smyt minder op. Dit jier bygelyks wol 40 persint minder Wâldgieltsjes troch de drûchte. - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Troch de drûchte wie in soad griente en fruit te lyts en fan legere kwaliteit, om ferkocht te wurden oan supermerken. Yn de brief fan de minister stiet dat in plan fan oanpak helpe moat om ôfwikende grienten en fruit yn de winkels te hâlden. Ek fiskale maatregels moatte de sektor helpe om bestân te wurden tsjin klimaatekstremen.

De brief waard freed oan de Twadde Keamer stjoerd, tegearre mei in rapport fan Wageningen Economic Research oer de effekten fan de drûchte en hjitte op de ynkommens yn de lân- en túnbousektor.

"De droogte van afgelopen zomer heeft ons en zeker boeren, akkerbouwers en natuurbeheerders allemaal geraakt en is nog niet voorbij. Wetenschappers geven aan dat we er rekening mee moeten houden dat extreem weer zich vaker voor zal doen. Daarom neem ik maatregelen om vee, gewassen en natuur beter weerbaar te maken tegen toekomstige weersextremen", seit minister Schouten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)