FIDEO: De histoaryske Fryske derby út 2014

23 nov 2018 - 18:25

Begjin 2014 spylje SC Cambuur en SC Hearrenfean beiden yn de earedivyzje. Yn Ljouwert stie der yn jannewaris de Fryske derby op it programma. It waard in histoaryske wedstriid.

Yn Fryslân Hjoed seagen trije Cambuurspilers út dy tiid, keeper Leonard Nienhuis, ferdigener Martijn van der Laan en spits Martijn Barto, werom op de histoaryske moeting yn it Cambuurstadion.

FIDEO: De histoaryske Fryske derby út 2014

Bartholomew Ogbeche

Dé man yn de derby wie Bartolomew Ogbeche. Hy kaam yn jannewaris 2014 nei Ljouwert. De Nigeriaan hie op dat stuit gjin klup en woe graach fuotbalje. Hy belle doe mei syn âld-trainer Dwight Lodeweges oft hy miskien nei Cambuur koe. Yn de Fryske derby, syn earste wedstriid foar Cambuur, hie hy daliks in basisplak.

De derby fan Bartholomew Ogbeche

(Advertinsje)
(Advertinsje)