Marijke Roskam is beëage listlûker foar PvdA Fryslân

23 nov 2018 - 18:04

Marijke Roskam fan Koarnwert is de beëage listlûker foar de PvdA by ferkiezingen foar Provinsjale Steaten yn maart. Neffens de PvdA hat Roskam troch har wurk as deifoarsitter op kongressen fan bedriuwen en oerheden in brede dossierkennis. Dat giet fan ekonomyske ûnderwerpen oant maatskiplike tema's.

Marijke Roskam - Foto: Omrop Fryslân

Roskam is in nijkommer yn de provinsjale polityk, mar is wol bekend by de PvdA yn Fryslân. Sa hat se meiwurke oan it opstellen fan it ferkiezingsprogramma. Neffens de partij hat se in fernijende en ferfrissende kyk op de provinsje.

"Mei in waarm read hert foar de mienskip wol ik alles dwaan om te wurkjen oan in provinsje dy't klear is foar in nije tiid", lit Roskam witte. "De takomst is no."

Noch in frou boppe-oan

Der stiet ek in frou boppe-oan de konsept-kandidatelist foar de wetterskipsferkiezingen fan de PvdA, nammentlik Henni van Asten fan Dokkum. Van Asten is op it stuit fraksjefoarsitter fan de PvdA yn it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân.

Marijke Roskam

(Advertinsje)
(Advertinsje)