Nasjonaal akkoart moat Fryslân sûner meitsje

23 nov 2018 - 17:56

GGD Fryslân is bliid mei it nasjonale previnsjeakkoart dat freed presintearre waard troch staatssekretaris Blokhuis. Haadtema's binne previnsje fan smoken, alkohol en oergewicht. Dat der fol ynset wurdt op previnsje slút neffens GGD Fryslân moai oan by de ambysjes fan de provinsje.

Meetlint - Foto: ANP

"De afgelopen jaren zien we de aandacht in de gezondheidszorg steeds meer verschuiven naar preventie. We zijn dan ook blij dat staatssecretaris Blokhuis de komende jaren zo fors inzet op preventie. Dat sluit mooi aan bij de ambities in Fryslân", seit Margreet de Graaf, direkteur fan GGD Fryslân.

"We hebben dan ook trots met hem de Friese voorbeelden gedeeld, toen hij aanwezig was op onze bijeenkomst Nuchter en Vitaal." Dizze byienkomst fûn op 12 novimber plak yn Noardwâlde.

Grutte ambysjes

De ambysjes yn it Nasjonaal Previnsjeakkoart binne grut. Yn 2040 wolle de partijen in smookfrije generaasje en it oantal minsken dat oermjittich alkohol drinkt moat hast mei de helte minder wurde. Dat betsjut dat der fan dat jier ôf gjin bern mear smoke of ea noch smoke sille, der 40 prosint minder minsken in sykte hawwe dy't relatearre is oan obesitas en dat der gjin swiere froulju en jongerein ûnder de 18 drinke.

Foto: ANP

Lanlike en lokale aksjes

In wichtich diel fan it resultaat kin behelle wurde troch tichtby de minsken te stean yn de regio en yn de wiken en troch problemen yn gearhing oan te pakken. GGD GHOR Nederlân nimt in oantal foarbylden yn it lân dêr't al in begjin makke is yn de gearwurking mei oare partijen. Ien fan dy foarbylden is Fryslân, mei Vitale Regio.

"Samen met de Friesland Zorgverzekeraar en Friese gemeenten bundelen we onze kennis, ervaring en krachten om de inwoners van Fryslân nog vitaler en gezonder te maken. We kijken op basis van o.a. analyse en behoeften van inwoners wat er nodig is, en zetten daarna preventie-interventies in", seit De Graaf.

Ynset yn Fryslân

Lanlik en ek yn Fryslân wurket de GGD al langer oan de tema's smoken, obesitas en problematysk alkoholgebrûk. Yn Fryslân bart dat mei ferskate partijen binnen programma's as 'De Rookvrije Generatie', 'Nuchter over Gewicht' en 'Nuchtere Fries'.

GGD Fryslân sjocht útdaging foar de kommende jierren as it giet om ferbining lizze, sadat de trije tema's ek benadere wurde kinne fanút faktoaren as earmoede, opliedingsnivo en libbenslok. De organisaasje sjocht as mienskiplik doel: wurkje oan in sûn en feilich Fryslân.

(advertinsje)
(advertinsje)