Kontaktferbod foar deadsbedriging yn rjochtsseal

In jonge fan 19 út Wynjewâld moat út de buert bliuwe fan in famke dat hy fia Instagram mei de dea bedrige hat. Hy mei ek gjin kontakt ha mei har famylje, hat de plysjerjochter freed sein. Dat kontakt- en lokaasjeferbod hie de jonge yn july al krigen, doe't er foarkomme moast foar de deadsbedriging. Hy krige doe ek in wurkstraf fan 120 oeren.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Omdat er de bedrigingen yn de rjochtseal werhelle, waard er fuort nei de sitting oanhâlden. Dêrom stie er freed wer foar de rjochter, en ek omdat er yn de wike foar de sitting drige hie it famke en har famylje dea te sjitten as er frij komme soe.

Yntimidearjend en beëangjend

De rjochter sei freed dat it foar de slachtoffers ekstra yntimidearjend en beëangjend wie dat de fertochte op de sitting yn july gewoan trochgie mei de bedrigings, dêr't de rjochter en de offisier fan justysje by wiene. "Dat maakte duidelijk dat je het wel heel erg meent", sei de rjochter.
As de fertochte it kontakt- en lokaasjeferbod skeint, moat er de sel yn. De jonge seit dat hy him hâlde sil oan de oanwizings fan de reklassearring. En hy wol ek meiwurkje oan begelaat wenjen. Hy moat it slachtoffer en har mem elk twahûndert euro smertejild betelje.