Drachtster Boys en Avanti yn Fryske derby op syk nei omkear

23 nov 2018 - 17:13

De Fryske derby tusken de sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys en dy fan Avanti út Stiens libbet goed by beide ploegen. Freedtejûn moetsje de klups mekoar yn de earedifyzje. It is de Wedstriid fan de Wike by Omrop Fryslân. Mei Jessie Prijs fan Drachtster Boys en Si Shut Hau fan Avanti, beiden ek ynternasjonal, sjogge we foarút op de derby.

"Het leeft altijd net even iets meer", begjint Jessie Prijs. "Bij onze trainer (Symen Abe Hoekstra) leeft het heel erg. Hij komt daar uit de buurt en kan het niet over zijn hart verkrijgen als wij van Avanti verliezen. Vorig jaar zijn we er onderuit gegaan, dus we hebben wat recht te zetten. Ik denk dat we vrijdag in de kleedkamer nog wel even te horen krijgen dat hij zoiets niet weer wil."

Het is een leuke wedstrijd met veel publiek.

Avanti-spylster Si Shut Hau

Si Shut Hau sjocht ek út nei de wedstriid tsjin Drachtster Boys. "Het is een leuke wedstrijd, dichtbij en met veel publiek. Het leeft wel." Se hat goeie hoop dat Avanti in goed resultaat behelje kin tsjin Drachtster Boys, dat op papier wol favoryt is. "In het verleden is ook wel gebleken, dat we niet kansloos zijn tegen Drachtster Boys."

Foto: Omrop Fryslân

Njonken spylsters fan beide klups binne Jessie Prijs fan De Like en Si Shut Hau fan Snits ek ynternasjonals fan it Nederlânsk sealfuotbalteam. Se ride tegearre nei trainingskampen, wedstriden en kinne mekoar goed.

Dochs is de start fan it seizoen foar beide Fryske klups teloarstellend. Drachtster Boys spile ferline seizoen noch yn de finale om it lânskampioenskip, mar stiet no njoggende. Neffens Prijs is dat wol te ferklearjen: "We hebben een nieuw team en het kost tijd voordat we de draai met zijn allen vinden. Daar moeten we aan wennen, maar clubs in de competitie ook. Ze hebben een ander beeld van Drachtster Boys dan dat we nu neerzetten."

Avanti pakte yn de earste njoggen wedstriden mar trije punten. De earste oerwinning waard ferline wike behelle. "Het is niet leuk, maar het is niet dat het onderling in de groep gaat spelen en dat er frustraties ontstaan", sa sjocht Hau. "Het blijft leuk onderling, maar je wil altijd meer punten pakken."

Si Shut Hau yn aksje tsjin Drachtster Boys - Foto: www.dijksfotografie.nl

De grutte fraach is hoe't it freedtejûn komt. Hau is fol fertrouwen, nettsjinsteande dat se út spylje mei Avanti: "Vorig seizoen zijn er niet heel veel doelpunten gevallen, dus ik zeg dat wij winnen met 2-1." Prijs tinkt dêr fansels oars oer: "Pfoe, dat is gedurfd! Het wordt een spannende wedstrijd, waarin wij met 3-1 aan het langste eind trekken."

De wedstriid tusken Drachtster Boys en Avanti set freedtejûn om healweis njoggenen útein. It is live te besjen fia de webside fan Omrop Fryslân en fia de Omropapp. It kommintaar wurdt dien troch ferslachjouwer Freark Wijma en ko-kommintator Jos Alkema, dy't trainer wie fan sawol Drachtster Boys as Avanti.

(advertinsje)
(advertinsje)