Dwight Lodeweges is klear mei opskuor oer 'it briefke'

23 nov 2018 - 16:37

Dwight Lodeweges, de âld-trainer fan SC Cambuur en SC Hearrenfean is hielendal klear mei de hype fan 'het briefje'. Dat seit de assistint-bûnscoach fan Oranje yn in ynterview mei Omrop Fryslân. Ofrûne moandei joech hy bûnscoach Ronald Koeman yn de einfaze fan it Nations Leauge-duel mei Dútslân (2-2) in briefke. It briefke einige úteinlik, ûnbedoeld yn de hannen fan oanfierder Virgil van Dijk.

Dwight Lodeweges is klear mei opskuor oer 'it briefke'

"Dat was helemaal niet de bedoeling", seit Dwight Lodeweges. "Ik wilde Koeman mijn tactiek laten lezen en toen verdween het briefje opeens het veld op. Ik dacht dat hij gewoon instructies zou geven langs de lijn."

De hiele opskuor dy't ûntstie oer 'het briefje' fynt Lodeweges mar neat. "Ik wil er niet zoveel over zeggen. Er is al zoveel over gesproken. We moeten het niet opblazen. Mijn briefje is nu weer back. Het lijkt Arnold Schwarzenegger wel. Ik heb het met de post weer teruggekregen."

Foto: Omrop Fryslân, Timo Jepkema

"Het is een hype geworden, maar nu is het klaar"

De rjochterhân fan Koeman woe it graach werom hawwe en belle dêrom de NOS. Sy hiene it briefke nei de wedstryd fûn. "Ik wilde het graag terug, omdat het mijn briefje is. Er stonden zaken op die ik erop heb geschreven, aandachtspunten bijvoorbeeld voor in de rust. Zaken die voor mij belangrijk zijn en die ik in mijn boekhouding wil doen. Voor ik het wist stond de hele papierwinkel op het veld."

Guon minsken sizze dat mei de omsetting fan de taktyk fan Oranje en it behelle lykspul 'fuotbalhistoarje' ûntstien is. Lodeweges is it dêr net mei iens. "Ik vind het geen voetbalhistorie hoor. Het zijn gewoon wat aandachtspunten op papier. Ik wil ze bewaren om er later nog wat mee te doen, in nabesprekingen bijvoorbeeld. Het is gewoon mijn briefje. Het is een hype geworden, maar nu is het klaar."

(Advertinsje)
(Advertinsje)