Waadfûns ynvestearret miljoenen yn Waadgebiet

23 nov 2018 - 16:33

It Waadfûns ynvestearret 17 miljoen euro yn it Waadgebiet foar seis grutskalige projekten. Dat is freedtemiddei op in parsekonferinsje bekend makke. Yn totaal wurde der foar 30 miljoen euro ynvestearringen dien yn de Waadregio.

De projekten ynvestearje yn duorsumens, natuer, toerisme, lânbou en enerzjy. Bygelyks wurdt der ûndersyk dien nei it oantaaste boaiemlibben yn de Waadsee. Neist ûndersyk nei de boaiem fynt der ek in eksperimint plak nei de duorsume winning fan enerzjy út de weachslach fan seewetter.

Ynnovative projekten

"Wat vooral opvalt is het innovatieve karakter van de projecten en de samenwerking die partijen zoeken om plannen te realiseren", seit foarsitter fan it Waadfûns Henk Staghouwer. "Als bestuur zijn we verheugd dat er met deze projecten weer nieuwe stappen worden gezet naar een betere bescherming van de natuur en een duurzame ontwikkeling van de economie in het gebied."

Waad - Foto: Jan van der Kam

De seis projekten binne ûnderdiel fan it Investeringskader Waddengebied (IKW), in mearjierrich programma om grutskalige ynvestearringen yn it Waadgebiet mooglik te meitsjen.

Fisksoarten Waadsee en Lauwersmar

Ien fan de projekten is úteinset om de stân fan wichtige fisksoarten yn de Waadsee en Lauwersmar te werstellen. Dêrby giet it ûnder oare om de trijetoarnige stikelbears (gasterosteus aculeatus), houting, seeforel en iel. In wichtich ûnderdiel dêrfan is it stimulearjen fan de fisktrek tusken de Waadsee en de Beken yn Drinte.

De Drintske Beken binne wichtich as opgroei- en paaiplakken foar fisken yn it Waadgebiet. Om fiskmigraasje makliker te meitsjen, wurde keardammen efter de seedyk fuorthelle en fiskpassaazjes en grynbêden oanlein. It Waadfûns jout it projekt in subsydzje fan 3 miljoen euro op in totale ynvestearring fan 4,6 miljoen euro.

Deputearre Klaas Kielstra, Henk Staghouwer (foarsitter) en Cees Loggen - Foto: Waddenfonds

It Waadfûns stipet dêrneist it projekt 'Verbinding rond de Súd Ie' mei 4,9 miljoen euro om de regionale ekonomy en leefberens te fersterkjen. Yn de tredde en lêste faze wurdt de farferbining tusken Dokkum en de Lauwersmar ôfrûne mei nije brêgen, werstel fan kultuerhistoryske eleminten en fiskpassaazjes. Alles byinoar ynvestearret it Waadfûns 9,8 miljoen euro yn it projekt.

Besikerssintrum Skiermûntseach

It tredde projekt dat plakfynt yn Fryslân is de bou fan besikerssintrum Skiermûntseach. It sintrum sil 3 miljoen euro kostje, wêrfan't it Waadfûns 1,25 miljoen euro bekostiget. Op it eilân kinne Natuurmonumenten, Nationaal Park Schiermonnikoog en de VVV úteinsette mei de realisaasje fan in nij besikerssintrum.

Yn it enerzjyneutrale gebou komme wikseljende eksposysje oer ûnder oare it Nationaal Park en Werelderfgoed Waddenzee. Toeristen en de saaklike merk kinne der terjochte foar útstapkes op it eilân.

Strân op Skiermûntseach - Foto: Henk Boschma

Oare projekten

De oare projekten krije 7,3 miljoen euro fan it Waadfûns. Dizze projekten gean oer it werstel fan de boaiem, enerzjywinning en it opheegjen fan grûn. Ryksuniversiteit Grins, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee en Natuurmonumenten sille de kommende fjouwer jier ûndersyk dwaan nei de boaiem fan it Waad.

Foar de kust fan Teksel sil in pilot útfierd wurde mei de Slow Mill, wêrby't út de weachslach fan de see duorsume enerzjy wûn wurdt. In oare ynnovaasje is it projekt wêrby't oertallich slib út de Eems-Dollard ynset wurdt om lânbougrûn op te heegjen.

(advertinsje)
(advertinsje)