Stim hjir op jo favorite sportmomint fan 2018!

23 nov 2018 - 16:30

Omrop Fryslân, De Leeuwarder Courant, Provinsje Fryslân en Sport Fryslân organisearje dit jier de Sportmominten fan 2018. In sjuery hat de belangrykste, moaiste of bysûnderste mominten útkeazen. Oan de hân fan dizze 30 mominten kieze jo de top fiif. Klik op dizze link en stim!

Foto: Omrop Fryslân

It jier 2018 wie in moai Frysk sportjier. Tidens de Olympyske Spelen hellen se wer in fracht oan medaljes binnen, mar ek wrâldtitels en europeeske titels bleaune net út. Sjoch hjir nei de earste 15 sportmominten. Folgjende wike freed folgje de lêste 15.

Suzanne Schulting wûn op 22 febrewaris ferrassend goud op de 1000 meter by de Olympyske Spelen yn Pyeongchang. De shorttrackster fan De Tynje wie yn de finale de Kanadese Kim Boutin en de Italiaanse Arianna Fontana te fluch ôf. Schulting waard hjirmei de earste Nederlânske shorttracker ea mei in gouden medalje op de Olympyske Spelen.

Hiel Fryslân siet op 15 febrewaris foar de telefyzje foar in hast wisse Fryske gouden medalje op de 10 kilometer by de Olympyske Spelen, mar it waard in grutte desepsje. De Kanadees Ted-Jan Bloemen pakte goud yn 12.39.77, in Olympysk rekôr. Hy fersloech dêrmei titelferdigener Jorrit Bergsma en favoryt Sven Kramer. Bergsma waard twadde yn 12.41.98, Kramer teloarstellend sechsde.

Net allinnich Fryske sporters hiene dit jier sukses. Reedrydcoach Remmelt Eldering fan Noardburgum soarge mei syn pupil Esmee Visser foar de allergrutste ferrassing op it reedrydtoernoai. De 22-jierrige reedrydster wûn de 5 kilometer, wylst se by de senioaren noch nea in race wûn hie. Visser wie rapper as de Tsjechyske topfavoryt Martina Sáblíková en de Russise Natalya Voronina.

Marrit Bouwmeester waard op 12 mei fan dit jier yn it Frânske La Rochelle Europeesk kampioen yn de Laser Radial-klasse. De 29-jierrige sylster út Warten waard yn de lêste race fan it kampioenskip sechsde en dat wie goed genôch foar har twadde Europeeske titel op rige.

Lang wie it net, mar der waard yn 2018 op natueriis rieden. Manon Kamminga fan It Hearrrenfean wûn op 28 febrewaris yn Haaksbergen de earste maraton op natueriis. Elma de Vries fan De Haule waard twadde en Beau Wagemakers út Hoogkarspel (Noard-Hollân) tredde.

Yn 2018 kaam der nei sân jier in ein oan de perioade fan Martijn Barto by SC Cambuur. Foar de wedstriid tsjin RKC Waalwijk waard hy huldige troch it bestjoer en de supporters fan de klup. Barto spile yn syn Cambuurperioade 238 wedstriden foar de Ljouwerters en dêryn makke hy 66 doelpunten.

Geale Tadema pakte op 23 augustus mei it skûtsje It Doarp Eastermar op it wetter fan Ychtenbrêge de deiwinst in de IFKS. De skipper wie doe noch mar amper bekommen fan in oanfarring dy't hy oan it begjin fan de wedstriid hie mei it skûtsje De Drie Gebroeders. It Doarp Eastermar wûn twa dagen letter it klassemint yn de grutte A fan de IFKS.

De iishockeyers fan de UNIS Flyers wunnen yn septimber 'de supercup fan it iishockey'. Yn iisstadion Thialf waard HIJS Hokij út Den Haag mei 3-1 ferslein yn de striid om de Ron Bertelingskaal. Dat is de iennige priis dy't Hearrenfean noch nea wûn.

Rixt van der Horst fan Grou hat yn septimber op de wrâldruterspelen yn Amearika trije gouden medaljes helle. Behalve de yndividuele en de teamproef sette de 26-jierrige amazône ek de kuer op muzyk op har namme. Mei har hynder Findsley skoarde se 77,347 persint.

Peter van Zuiden, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden hawwe de 165ste PC op harren namme skreaun. Yn de finale op de hillige grûn fan it Sjûkelân yn Frjentsjer fersloegen sy it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra (5-5 6-2), dat as grutte favoryt oan de einstriid begûn wie. Op it Sjûkelân waard Allard Hoekstra nei ôfrin fan de finale útroppen ta kening.

Fuotbaltrainers Henk de Jong en Sandor van der Heide en spiler Mark Diemers sette yn maaie fan dit jier in grutte prestaasje del mei De Graafschap. De ploech út Doetinchem wûn yn de finale fan de play-offs mei 2-1 fan Almere City FC en dat wie genôch foar promoasje nei de earedifyzje. De promoasje fan De Graafschap kaam nei twa jier fuotbaljen yn de Jupiler League.

Sjinkie Knegt waard op 15 janewaris foar de tredde kear yn syn karriêre Europeesk kampioen shorttrack. Yn de finale fan de 1000 meter yn Dresden stelde Knegt syn titel feilich. Hy wie rapper as de Rus Semen Elistratov en Roberto Pukitis út Letlân. Knegt wûn earder yn it toernoai ek al de 500 en de 1500 meter. De 28-jierrige Bantegeaster wie al wis fan de titel, noch foardat de lêste ôfstân op it EK shorttrack ferriden waard.

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat op 3 novimber by it WK yn Doha in gouden medalje wûn op de rekstôk. Neffens turnkommintator Hans van Zetten fan de NOS wie it de bêste oefening dy't Zonderland yn jierren sjen litten hat. Mei in skoare fan 15,100 wie er de bêste fan de acht finalisten. Eksakt trije wiken foar de finale waard Zonderland foar it earst heit.

Marrit Leenstra wûn op 12 febrewaris foar it earst in yndividuele medalje op de Olympyske Spelen. De reedrydster fan Wikel waard op de 1500 meter tredde mei in tiid fan 1.55.26. De medalje fan Leenstra is in kroan op har karriêre, dy't se yn augustus fan dit jier definityf beëinige.

Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat yn 2018 yn Dublin it Players Championship wûn. It wie de earste PDC-titel foar Noppert. Yn de finale fersloech er de Ingelsman Ian White mei 6-4. White wie op dat stuit de nûmer alve fan de wrâld.

Hawwe jo in kar meitsjen kinnen? Klik dan op dizze link en stim! Op 14 desimber wurdt de top 10 bekend makke yn in spesjale útstjoering by Omrop Fryslân.

(bylden fan de Olympyske Spelen mei Omrop Fryslân fanwege de rjochten spitichgenôch net útstjoere)

(advertinsje)