Libbenswurk Taeke Taekema fernield troch brân

Njoggen jier lang wurke er dei en nacht om in sukses fan syn camperbedriuw op De Gordyk te meitsjen, en no is it fuort. Brân hat in grut part fan it camperbedriuw fan Taeke Taekema fernield.
Libbenswurk Taekema fernield troch brân
It is sawiesa in grutte skeapost, mar hoe heech de rekken krekt wurdt, is dreech te sizzen, sa fertelt Taekema de moarn nei de brân. Hy skat yn dat it tonnen kostje sil, en dat it mooglik wolris oprinne kin oant in miljoen euro.
Mar net allinnich finansjeel is it in drama foar de ûndernimmer, ek emosjoneel docht it him in soad. Dei en nacht wurke er om de twaddehânske kampers te ferhanneljen, en no is in grut part fan syn guod ynienen fuort.
© Srfotografie
Om twa oere fannacht waard de brân tafallich opmurken troch in alerte plysjeaginte. Dy wie eefkes fierderop ûnderweis en seach de flammen. De brânwacht koe dêrtroch al betiid yngripe. It keunststof fan de campers soarge der lykwols foar dat it fjoer dochs noch tige grut wurde koe.
In heal oere, langer hat de grutte brân net duorre. Mar de skea is der net minder op. Sels de campers dy't noch goed lykje, hawwe allegearre reek- en wetterskea. Foar Taekema sit der no neat oars op as de saken mei de fersekering regelje, en der it bêste fan te meitsjen.