Waskemar is tsjin stjoermêst, mar dy komt der wol

It kolleezje fan Eaststellingwerf leit de beswieren tsjin it pleatsen fan in hegere stjoermêst by de Leidyk yn Waskemar njonken him del. Trettjin beswiermakkers easken dat de mêst op syn minst op 400 meter ôfstân fan de hûzen pleatst wurdt. Se meitsje har bot soargen oer harren sûnens en binne bang dat de wearde fan harren huzen omleech gean sil. Mar it kolleezje giet hjir dus net yn mei.
© Radio Spannenburg
De besteande mêst stiet der neffens de bewenners al goed fyftjin jier. Dy wurdt ferfongen troch in eksimplaar dat flink heger is. Dat soe nedich wêze fanwege technyske easken.
Wat de sûnensrisiko's oanbelanget, sjocht de advyskommisje beswierskriften nei eardere prosedueres troch de Ried fan Steat. Yn fergelykbere sitewaasjes wurde beswieren oangeande sûnensrisiko's regelmjittich nei foaren brocht. Ut ûndersiken soe konkludearre wurde kinne dat der gjin oanwizings binne dat radiofrekwinte elektromagnetyske fjilden kanker of oare langetermyneffekten feroarsaakje kinne.

'Tegemoetkoming in planschade'

Dat de wenningen fan de beswiermakkers minder wurdich wurde soene, is neffens de kommisje ek gjin reden om de mêst net te pleatsen. De bewenners kinne wol in fersyk ta 'tegemoetkoming in planschade' yntsjinje.