Twa Ljouwerters krije selstraffen foar belutsenheid by himptylt

In man út Ljouwert hat trije jier sel krigen, omdat er belutsen wie by in tal himpkwekerijen yn Drachten, Surhústerfean, Ljouwert en Frjentsjer. De 50-jierrige man hie neffens de rjochtbank in organisearjende en útfierende rol yn in groep dy't him dwaande hâlde mei himptylt.
© Postema Media
In freon fan de feroardielde, ek út Ljouwert, krige 2,5 jier sel foar syn oandiel yn de saak. Dizze 46-jierrige man soe belutsen west ha by de himpplantaazje yn Frjentsjer. Hy hie huzen yn Ljouwert en Dronryp. Ferline jier oktober waard er foar syn hûs yn Dronryp delsketten en rekke swierferwûne.
By ûndersyk yn it hûs fûn de plysje doedestiids munysje, krûd en XTC-pillen. De plysje hâlde doe ek al rekken mei, dat de sjitpartij in ôfrekkening wie yn it kriminele sirkwy.