N359 ôfsletten nei botsing tusken twa auto's

Op de Suderséwei (N359) tusken De Lemmer en Balk binne freedtemiddei twa auto's mei elkoar yn botsing kaam. It gie mis by de krusing mei De Iedyk. Ien fan de twa auto's soe de Suderséwei oerstekke, mar botste dêrby op in oare auto. Ien fan de twa bedarre dêrby yn de sleat.
© De Vries Media
De brânwacht, trije ambulânses en in traumahelikopter binne oanwêzich. De plysje hat de dyk folslein ôfsletten. By it ûngelok rekken twa minsken ferwûne. In âldere man rekke swier ferwûne en is fuortendaliks nei it sikehûs yn Grins brocht. It oare slachtoffer wie minder swier ferwûne, mar is ek nei it sikehûs brocht.