Stellerij troch panykoanfallen: selstraf ûnder betingst foar frou út Snits

23 nov 2018 - 14:53

In frou fan 71 út Snits hat twa wiken sel ûnder betingst krigen, omdat se foar de fiifde kear yn seis jier tiid betrape is op winkelstellerij. De frou hie fan 't simmer by in supermerk ûnder oare gehak en in keallepoat meinaam sûnder te beteljen.

Plysje - Foto: ANP

De fertochte sei by de rjochtsaak dat it bart trochdat se panykoanfallen krijt, en dat se der dan út moat. Normaal docht har man de boadskippen, mar dy wie dy deis net thús. Hy hie har warskôge; as se wer wat stelle soe, hoegde se net mear thús te kommen. En dat soe neffens de frou hielendal jilde as se nei de finzenis moatte soe.

De rjochter hâlde foar de allerlêste kear rekken mei de psychyske problemen fan de fertochte. Har proeftiid waard wol mei in jier ferlinge. As it wer bart, moat de frou fiif wiken de sel yn.

Trefwurden: 
Snits sel winkelstellerij
(advertinsje)