UPDATE: 19 blokkearfriezen yn heger berop, Jenny Douwes en Iepenbier Ministearje ek

Fan de 34 blokkearfriezen ha 19 freed heger berop oantekene tsjin de útspraak twa wiken lyn yn de A7-blokkearsaak. Under har is ek Jenny Douwes, dy't de heechste wurkstraf krige. It Iepenbier Ministearje hat witte litten ek berop oan te tekenjen tsjin it fonnis.
© ANP
In groep fan 15 oare blokkearfriezen leit him by de útspraak del en sil de wurkstraffen útfiere. Dat lit harren advokaat Tjalling van der Goot fan Anker en Anker-advokaten witte. De rjochtbank feroardielde de blokkearfriezen ta wurkstraffen tusken de 80 en 200 oeren. Jenny Douwes krige in wurkstraf fan 240 oeren. Ien fertochte waard net fertsjintwurdige troch Anker en Anker. Dy sil ek yn heger berop.
Yn it heger berop freget de ferdigening oft de rjochtbank wol oardiele koe as der sprake wie fan 'medeplegen.' Boppedat seit Van der Goot dat it de loko-boargemaster west hat dy't de demonstraasje fan de tsjinstanners ferbean hat. Wat Douwes oanbelanget wol de ferdigening har strafmaat oan 'e oarder stelle.
Van der Goot neamt it net út te lizzen dat sy de heechste straf oplein krige, wylst se op dy bewuste 18 novimber fan ferline jier net iens by de blokkade oanwêzich wie en se fan in soad feiten frijsprutsen waard. It heger berop wurdt behannele troch it gerjochtshôf yn Ljouwert en sil nei ferwachting pas yn it neijier fan takom jier tsjinje.