Freedsmerk: "Black Pete mocht net, mar Black Friday is wol oké, tink?"

23 nov 2018 - 14:02

"Black Pete mocht net, mar Black Friday is wol okee, tink?" It wie ien fan de reaksjes dy't we hearden op de Ljouwerter freedsmerk.

Foto: Pixabay

It fenomeen 'Black Friday' is út Amearika oerwaaid en betsjut dat in soad winkels en bedriuwen op ien dei (of wykein) grutte koartingen jouwe. En it liket no ek definityf yn ús lân oan te slaan, al wie net elk optein. "Wat in flauwekul. Dêr moatte se fuort mei ophâlde. Wy keapje guod as wy it nedich ha en net earder."

Freedsmerk oer Black Friday

In oar stelde dat it gewoan in marketingtrúk is: "Negen van de tien keer word je beduveld!" Mar der wiene ek oare lûden: "Ik heb iets gekocht voor mijn vriendin met 20 euro korting, dat is toch maar mooi meegenomen." En immen dy't foar 'de wissichheid' dochs freed mar nije skuon keapje soe, erkende: "Ja, hier worden vrouwen ècht blij van!"

Trefwurden: 
freedsmerk Black Friday
(advertinsje)