Krityk toeristyske sektor op beslútfoarming sânwinning Iselmar
De belangen fan de frijetiidsekonomy wurde net meinaam yn de beslútfoarming oer de mooglike sânwinning yn de Iselmar. Dat sizze de brânsjferieningen Recron en Hiswa. It ynternasjonale sânwinbedriuw Royal Smals, mei Nederlânsk haadkantoar yn Cuijk, hat dêrfoar in fergunning oanfrege.
Sy wolle 30 jier lang 2 miljoen ton sân yn it jier winne. Dêrfoar komt der in 22 meter hege fabryk yn in 220 hektare grut sânwingebiet yn de Iselmar. Der is fanút de omwenners en natuerorganisaasjes in soad krityk op de plannen. De toeristyske organisaasjes slute har hjir no by oan. Sy wolle dat der in Omjouwings Effekt Rapportaazje komt, wêryn't alle belangen wol meinaam wurde.