Sjoerd Bootsma oer LF2018: "Het was het hele jaar Black Friday"

23 nov 2018 - 13:06

It kulturele haadstêdjier rint nei de ein, dit wykein is it einfeest mei de Re-Opening. It is noch lang net dien mei it wurk fan LF2018, sei programmalieder Sjoerd Bootsma freed by Radio 1, "maar we hebben veel bereikt met z'n allen".

Foto: ANP

Hy wiist op de tsientallen moaie projekten en de tûzenen besikers. It meast opfallende evenemint wie de Reuzen fan Royal de Luxe, dy't mear as 400.000 besikers nei Ljouwert hellen. Bootsma: "Ik zag mannen met tranen in de ogen staan. Ik dacht: als dit kan, wat kan er dan nog meer?"

Liwwadder Blues

It wie in drok jier foar elkenien dy't mei kultuer te krijen hie en ek foar Sjoerd Bootsma sels. "Het was het hele jaar Black Friday." Neist it grutte tal besikers foel him ek de iepen hâlding fan de Ljouwerters op. Bootsma: "Mensen praten met trots over hun stad. Dat is wel anders dan voorheen. Het gevoel van de Leeuwarder Blues, van dat liedje: 'Het hét nooit wat weest en it sal nooit wat wudde, ast in Liwwadden geboren bist kanst it wel skudde.' Dat verliefd zijn op je eigen onvermogen, is echt wel veranderd.' Bescheidenheid is goed, maar je mag trots zijn op wie je bent en waar je vandaan komt."

Net fan alles bliid

As hy weromsjocht, wurdt Bootsma net fan alles bliid. "De zwartepietendiscussie gaat heel fel, het was vorig weekend niet gezellig in de stad. Waarom krijgen we het niet voor elkaar om het Sinterklaasfeest voor iedereen te laten zijn?" Dêrby giet it om de dialooch, seit Bootsma. "We moeten met elkaar blijven praten." Bygelyks yn it wyklikse programma 'Iepen Up' wurdt djipgeand diskusjearre oer ditsoarte tema's.

Kertiermakker

De kommende jierren sil hy trochgean mei wat der dit jier berikt is mei LF2018 foar de kultuer. Hy wol dat fêsthâlde en de kommende jierren útbouwe. Bootsma: "Dat vraagt goed leiderschap en keuzes durven maken. Je hebt een stip op de horizon nodig die verder reikt dan de komende 4 jaar van een regeerperiode." Der komt in nije organisaasje, as opfolger fan LF2018. Bootsma sil dêrby sels as 'kertiermakker' oan de slach, tegearre mei Lieuwe Krol (no de marketingman fan LF2018).

De provinsje hat twa kear 2 miljoen euro beskikber steld, foar 2019 en foar 2020. De gemeente Ljouwert hat 6 ton reservearre foar 2019 en foar 2020 ek in pear ton.

Trefwurden: 
LF2018 Sjoerd Bootsma
(advertinsje)
(advertinsje)