Smellingerlân wol gearwurkje mei Grins yn proef opfang asylsikers

23 nov 2018 - 11:48

De gemeente Smellingerlân wol mooglik gearwurkje mei de gemeente Grins yn de opfang fan útprosedearre asylsikers. Tongersdei waard bekend dat der in akkoart is tusken de gemeenten en it Ryk oer de saneamde "bed-bad-broodregeling".

It gemeentehûs fan Smellingerlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Guon gemeenten biede dy opfang oan om foar te kommen dat de asylsikers yn de yllegaliteit as op strjitte bedarje. Der is no ôfpraat dat yn fiif gemeenten in proef komt mei opfang dy't diels troch it Ryk betelle wurdt. Grins is ien fan dy gemeenten. Oare gemeenten moatte de opfang stadichoan ôfbouwe. Yn Fryslân fangt allinnich Smellingerlân asylsikers op dizze wize op.

It giet op dit momint om tsien minsken. Yn septimber hie de gemeente al it beslút naam dat se mei yngong fan 1 july takom jier ophâldt mei de opfang. De gemeente Smellingerlân docht net mei oan de lanlike proef, mar wol kontakt sykje mei Grins om te sjen at der mooglikheden binne om gear te wurkjen. Hoe't dy gearwurking der út komt te sjen, is noch net dúdlik.

(Advertinsje)
(Advertinsje)