Arjan Berkhuysen is de nije foarsitter fan Nationaal Park Schiermonnikoog

23 nov 2018 - 11:14

Ald-direkteur Arjan Berkhuysen fan de Waadferiening folget Lutz Jacobi op as foarsitter fan it oerlisorgaan fan Nationaal Park Schiermonnikoog.

Foto: ANP

Jacobi hâlde dêr op, omdat sy direkteur fan de Waadferiening wurden is. Berkhuysen is in grut leafhawwer fan it Waad, wennet op Skylge en hat in soad ûnderfining mei natuerbeskerming yn binnen- en bûtenlân. Op it stuit wurket er as direkteur fan de World Fish Migration Foundation.

Berkhuysen: "Er zijn zoveel mensen enthousiast over dit eiland. De natuur is prachtig en dat moeten we zo houden. Tegelijkertijd moeten de bewoners er ook kunnen leven en werken. We hebben het vaak over natuur en cultuurhistorie als totaal verschillende werelden. Maar juist op een eiland staan die vaak helemaal niet zo los van elkaar. Lijkt me mooi als we die samenhang meer aandacht kunnen geven in de komende jaren als Nationaal Park."

(Advertinsje)
(Advertinsje)