Moardfertochte Jelle R.: "Ik flipte by rûzje mei Shannon Mak"

De 22-jierrige Jelle R. út Snits is ûnder in rûzje mei syn 30-jierrige eks-freondinne Shannon Mak flipt, wêrnei't hy har deastuts. Dat wie op 3 augustus op it eilân Malta.
Plysjes op Malta © Malta Police
Dat waard tongersdei dúdlik by in sitting oer de saak, meldt The Times of Malta. R. soe syn ferklearring fuortendaliks nei syn oanhâlding jûn ha. Om't hy doe noch net op syn rjochten wiisd wie, makke syn advokaat beswier tsjin it opnimmen fan de ferklearring.
Mar neffens de advokaat fan it slachtoffer kin de plysje der neat oan dwaan at in fertochte fuortendaliks in ferklearring jout. De saak wurdt yn desimber fierder behannele.