Direkteur Hannemahûs is de baas yn it Rijksmuseum: "Het is heel bijzonder"

23 nov 2018 - 08:42

Direkteur Hugo ter Avest fan it Hannemahûs yn Harns is freed ien dei de baas yn it Rijksmuseum yn Amsterdam. Syn kollega Taco Dibbits hat de lieding yn it Hannemahûs. It Hannemahûs hat trije betelle krêften en it Rijksmuseum seishûndert. Wat kinne de beide direkteuren fan inoar leare?

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Omrop Fryslân folget de beide direkteuren freed. Sa wol Taco Dibbits graach witte op hokker wize in lyts museum de ferbining siket mei de omjouwing. Dêrom stiet der freed in moeting yn de planning mei it bestjoer en de freonen fan it Hannemahûs. Hugo ter Avest fan it Hannemahûs is foaral ek benijd hoe de beslútfoarming plakhat om in objekt te pleatsen yn it Rijksmuseum.

Taco Dibbits fan it Rijksmuseum - Foto: ANP

Jacob Stelwagen yn petear mei Hugo ter Avest

Oanlieding foar dizze opmerklike ruil is it projekt Lage Landen. Dit is in reizgjende tentoanstelling lâns stedsmuseums yn Harns, Zutphen, Hoorn, Bergen op Zoom en Gouda. De tentoanstelling wurdt mei mooglik makke troch in brûklien fan it Rijksmuseum.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ter Avest: "Ik wil inzicht krijgen wat het voor het Rijksmuseum betekent om zo'n tentoonstelling voor te bereiden. Ik wil ook weten hoe ze dingen educatief organiseren, hoe ze kinderen naar het Rijksmuseum halen."

De fiif stedsmuseums kinne yn in tiidsbestek fan sân jier beskikke oer 160 skilderijen, dy't yn it besit binne fan it Rijksmuseum. Foar de stedsmuseums is it in unike gelegenheid om topwurken oan it publyk sjen te litten en foar it Rijksmuseum is it in moaie gelegenheid om ûnbekende en bekende wurken út de kolleksje rûlearje te litten troch Nederlân.

Ter Avest seit nocht te hawwen oan de dei. "Het is een momentopname, maar wel heel bijzonder dat we die kans krijgen en zal mijn best doen zoveel mogelijk informatie te vergaren waar we met z'n allen wat aan hebben."

De tentoanstelling Lage Landen is yn it Hannemahûs yn Harns noch te sjen oant 3 febrewaris 2019.

(advertinsje)
(advertinsje)