Kollum: "Happy berm"

23 nov 2018 - 07:51

"De ôfrûne wike moast ik nei Makkingea en lâns de dyk tusken Drachten en Makkingea lei allegearre rotsoai. Ik ha fan alles sjoen; plestikpûden, blikjes, isolaasjemateriaal, lege drinkpakken, klean, ensafh.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Hilda Talsma

Kinst it sa gek net betinke of it leit yn 'e berm en dan benammen yn bochten en by op- en ôfritten. McDonald's-ferpakkingen komst ek faak tsjin; komplete Happy Meals wurde troch it rút smiten.

Ik wurd der sa fertrietlik fan, want efter elk blikje of elke milkshakebeker sit in minsk dy't it achteleas fuortsmyt sûnder nei te tinken wat der fierder mei bart. En sjoen nei wat der leit, binne dat in soad. Lju dy't nei it wurk gean, of de bern fuortbringe. By famylje op besite sille of nei hûs ta ride. Wierskynlik ek noch aardige manlju en froulju dy't it freeslik fine as der earne op 'e wrâld in fûgel stjert omdat er stikt is yn plestik.

Ik spuide eartiids myn kaugom oeral achteleas del. Oant ik in kear lies dat fûgels dat gau oansjogge foar in stikje bôle mar as se de kaugom opite sille, dan plakt it oan it snaffeltsje fêst en kinne se hielendal net mear ite en drinke. Sûnt ik dat wit, ha ik it nea wer dien.

Op 'e weromreis fan Makkingea nei Drachten waard de loft ynienen donkergriis. Mar krekt dêrfoar hong de grutte ûndergeande sinne boppe de einder tsjin in ljochtgrize loft. De giele kleur skimere troch it ljochte griis en de beammen liken wol swart. It duorre mar in pear tellen, want doe waard de sinne bedutsen troch de donkere loft. Dochs wiene dy pear tellen magysk moai.

Diken en auto's binne handich foar ús, mar foar ús mem de ierde in boarne fan fersmoarging. En dochs traktearret se ús ûnderweis hiel faak op bysûndere mominten. Dan ha 'k it dus oer prachtige loften of hynders dy't boartsje yn it lân. Lêst seach ik in reager op in grienseame tusken twa drokke diken en dy siet stokstiifstil nei in proai te luorkjen. Tusken alle hektyk, like it wol of siet er te meditearjen en ik waard der suver sels ek rêstich fan.

In pear wiken lyn seach ik in held dy't syn auto yn 'e berm setten hie om in skiep te helpen dat op 'e rêch lei en ik ha ûnderweis fan Jirnsum nei Snits wolris in ko yn 'e feart swimmen sjoen. Doe bin ik mar nei de earste de bêste boer riden, want ik bin gjin Pippi Langkous. Ik ha fan 't jier sels de auto alris oan 'e kant setten omdat der in groep reeën yn in greide siet, wêrûnder in wite. Dat wie ek sa prachtich!

Wêr'tst op 'e dyk ek bist, der is altyd wol wat moais, bysûnders of aparts te sjen. Ik kin ek sa genietsje fan dy grutte rôffûgels dy't stoer op in stek sitte of fan swannen dy 't parmantich troch it wetter glide. Elk seizoen soarget foar betsjoenende kleuren en sfearen en as we aanst in kear winterwaar krije, dan liket de wrâld om ús hinne hielendal wol in mearke.

Mar sûnder al dy troep is de natuer noch folle moaier en we moatte der mei ús allen foar soargje dat we in bettere wrâld oan de bern trochjouwe. Dat slagget net as we foar de happy bern Happy Meals keapje en dy dan dêrnei út 'e auto smite. En wa rommet de rotsoai op? Dêr sil de oerheid wol soargje moatte, tink?

Ferbetterje de wrâld, begjin by dysels, want in skjinne omjouwing begjint mei sûn ferstân, bewustwêzen en ferantwurdlikheidsgefoel. En mei dy yngrediïnten kinne we der mei ús allen foar soargje dat we wer happy berms krije."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)