Keukenbrân yn wenning Snits

23 nov 2018 - 07:41

De brânwacht yn Snits hat freedtemoarn betiid in keukenbrân yn in appartemint oan de Furmerusstrjitte blust. De brân ûntstie om 6.00 oere hinne.

Foto: BTBfotografie

Der wie sprake fan in útslaande brân yn it appartemint op de twadde ferdjipping. De flat hat foar in diel ûntromme west en de brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare apparteminten. Der wurdt noch wol ûndersocht oft dy reekskea ha.

Meardere persoanen binne troch ambulânsepersoniel ûndersocht, om't se reek ynazeme hiene. Ien persoan, wierskynlik de bewenner fan it appartemint, is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hoe't de brân ûntstean koe, is net bekend.

Trefwurden: 
brân Snits Furmerusstrjitte
(advertinsje)
(advertinsje)