Undersyk nei spoarakwadukt by Van Harinxmakanaal yn Ljouwert

23 nov 2018 - 07:18

Der komt in ûndersyk nei de komst fan in spoarakwadukt by it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert. Dat hawwe it Ryk en de provinsje tegearre ôfsprutsen. De kosten fan it spoarakwadukt lizze op goed 80 miljoen euro. Dat is wat mear as in nije spoarbrêge, mar it ûnderhâld fan in akwadukt soe goedkeaper wêze as dat fan in brêge.

De spoarbrêge by Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Deputearre Sietske Poepjes oer it ûndersyk

De hjoeddeiske spoarbrêge moat oer in pear jier ferfongen wurde. Der ûntsteane dêrnjonken ek knyppunten, omdat der hieltyd mear en grutter frachtferkear is en de treinen fjouwer kear yn 't oere oer de spoarbrêge ride.

Dêrneist hawwe Ryk en provinsje ek de ôfspraak makke in stúdzje te dwaan nei in akwadukt by Koatstertille en Skûlenboarch. De trije brêgen by Aldskou, Twellingea en Spannenburch wurde ferfongen troch nije brêgen.

(advertinsje)
(advertinsje)