Tunnel oan de Tichelwei by Dokkum ticht: der is skea oan de wand fûn
De tunnel yn de Tichelwei yn de dyk fan Dokkum nei Eastrum is fuortendaliks ticht foar alle ferkear. By in ynspeksje is skea oan de wand fan de tunnel fûn.
Dêrtroch kin de dyk fersakje en kin der wetter de tunnel ynrinne.
Reparaasje duorret nei alle gedachten oant ein takom wike. Automobilisten krije it advys om fia Mitselwier te riden. Fytsers kinne gebrûkmeitsje fan in fearpont.