Trije manlju oanhâlden dy't ûnder ynfloed fan drugs ride
De plysje yn Ljouwert hat woansdeitemiddei trije automobilisten oanhâlden dy't ûnder ynfloed fan drugs efter it stjoer sieten.
It giet om bestjoerders fan 21, 31 en 38 jier. Der binne bloedproeven ôfnaam en se krigen in rydferbod fan 24 oeren oplein.
De 38-jierrige Ljouwerter hie dêrneist ek noch boetes iepen stean dy't hy net betelje koe. Syn auto is dêrom bûten gebrûk steld.