Seis campers yn flammen opgien nei brân op De Gordyk

By in grutte brân op it terrein fan in caravanstalling oan De Werf op De Gordyk binne yn de nacht fan tongersdei op freed seis campers ferlern gien.
Seis campers yn flammen op nei brân op De Gordyk
Mear as tsien oare campers rûnen skea op. De skea rint yn de tonnen. It binne allegearre occassions. De brân waard opmurken troch in agint dy't de ôfrûne nacht flammen seach doe't se ûnderweis wie op in trochgeande dyk yn de buert.
De technyske resjerzje docht freedtemiddei ûndersyk. Der is noch gjin dúdlikheid oer de oarsaak.
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
Troch fluch yngripen fan de brânwacht koe foarkaam wurde dat it fjoer him fierder útwreidzje koe. Nei in oere hie de brânwacht it fjoer blust. Der rekke net ien ferwûne. Hoe't de brân ûntstien is, wurdt noch ûndersocht.
© De Vries Media