Rjochtsaak tsjin sinnepark by bungalowpark yn Aldeberkeap

22 nov 2018 - 23:08

Fjouwer partijen ha juridyske stappen set tsjin de komst fan in sinnepanielepark yn Aldeberkeap. De gemeenteried fan Eaststellingwerf stimde yn septimber foar de bou fan in sinnepark njonken bungalowpark Molenbosch.

Griene enerzy - Foto: Shutterstock.com

Ynsprekkers fregen doe noch oan de ried om ôf te sjen fan it park. Net allinnich eigeners fan in rekreaasjewenning yn it Molenbosch binne tsjin de oanlis fan it sinnepark.

Ek oare organisaasjes as It Fryske Gea, pleatslik belang, de feriening Bond Heemschut en de agraryske natuer- en mileuferiening Gagelvenne wiisden it plan yn maaie ôf. Guon partijen stappe no dus nei de rjochter. It is net dúdlik om hokker partijen oft it giet.

Beswieren

De partijen binne it net iens mei de ferliende omjouwingsfergunning. Lykas it kolleezje sil de bestjoersrjochter nei alle gedachten de beswieren allinnich toetse op planologyske grûnen. Oft de omjouwingsfergunning yn striid is mei it provinsjale belied, bygelyks.

De rjochter moat him ek bûge oer de fraach of de lânskiplike wearden goed beskerme wurde en oft de gefolgen foar omwenners akseptabel binne.

As de rjochter de beswieren ôfwiist, dan is ûndernimmer Johan ter Schuur frij om syn plannen troch te setten. Hy hat in oanfraach rinnen foar in SDE-subsydzje. SDE stiet foar Stimulering Duurzame Energieproductie. In reaksje dêrop ferwachtet er nei de jierwikseling.

Nei alle gedachten wurdt ek begjin jannewaris pas bekend wannear't de saak by de rjochter behannele wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)