Hûs en Hiem-priis foar Henk Deinum en Albert van der Ploeg

Henk Deinum en Albert van der Ploeg ha de Hûs en Hiem-priis 2018 krigen. Sy binne foarsitter en vice-foarsitter fan it bestjoer fan Hûs en Hiem. Se krigen de priis út hannen fan Piet Klimstra, dy't nei 43 jier ôfskied naam fan de organisaasje. Hûs en Hiem is in advysorganisaasje fan de Fryske gemeenten op it mêd fan romtlike omjouwing.
Henk Deinum, Piet Klimstra en Albert van der Ploeg © Margreet Helder
De Hûs en Hiem-priis is foar minsken dy't har op bysûndere wize ynset ha foar it behâld en it ferbetterjen fan romtlike skjintme yn Fryslân. By de priis giet it net om ien projekt, mar om it hiele 'oeuvre' fan in persoan. De winner fan de priis krijt in spesjaal ûntwurpen houten byldsje en in sulveren spjelde.
Henk Deinum krijt de priis, sa skriuwt de organisaasje, "als blijk van waardering voor zijn jarenlange bijdrage aan de ruimtelijke schoonheid van Fryslân". Hy hat goed tweintich jier wurke foar Fryske wenningboukorporaasjes en wurke yn de wenningbou gear mei ferskate arsjitekten.
Sûnt 2008 is Deinum ek wethâlder yn de gemeente Ljouwert. "Bouwen zit Deinum in het bloed en schoonheid is één van zijn passies", skriuwt Hûs en Hiem.

Hobbyboer

Albert van der Ploeg wie acht jier lang wethâlder yn Dantumadiel en is sûnt 2010 wethâlder yn Dongeradiel. Ek sit er al lang yn it bestjoer fan Hûs en Hiem. Sûnt 2017 is Van der Ploeg foarsitter van de Feriening Noardlike Fryske Wâlden.
"Naast zijn bestuurlijke inzet doet Van der Ploeg als hobbyboer ook zelf aan particulier natuurbeheer", skriuwt de organisaasje. Sy fine ûnder oare syn tawijing oan it Fryske lânskip ynspirearjend en te priizgjen.