Burgum hâldt Bingojûn foar slim sike twilling Silke en Lieke

22 nov 2018 - 22:45

B5, N38, Bingo! Yn Burgum waard tongersdeitejûn in grutte bingo-aksje hâlden foar Silke en Lieke. De alvejierrige twilling út Burgum is slim siik. Se ha in ûngenêslike ôfwiking oan harren nieren, wêrtroch't dy noch mar foar tweintich prosint wurkje. De wurking wurdt hieltyd minder en transplantaasje is nedich.

De âlden soene graach in mobyl dialyze-apparaat ha wolle en ha dêrom in stichting foar harren dochters opset. De twa apparaten kostje mei-inoar 160.000 euro. In groep minsken út it doarp organisearre dêrom de Bingo-aksje.

Der kamen 200 oant 250 minsken op de bingo ôf. De prizen waarden fersoarge troch ûndernimmers út it doarp. De famkes binne no twa kear operearre. "Se probearje der sels sa'n goed mooglik libben fan te meitsjen. We wolle ek net dat se sjoen wurde as sike bern", fertelt Christa Westerveen, de mem fan Silke en Lieke.

Op it nachtkastke

De dialyze kin ek yn it MCL útfierd wurde, mar dan moatte de bern dêr trije kear yn 'e wike hinne. It mobile aparaat kin thús op it nachtkastke stean. "Allinnich wurdt dat net fergoede troch de soarchfersekerders. Dêrom binne we mei de stichting 'Help Silke en Lieke Leven' begûn", fertelt Westerveen.

Mem Christa Westerveen by de bingojûn

(Advertinsje)
(Advertinsje)