Nije opset sosjale helpferliening yn Ljouwert docht fertuten

22 nov 2018 - 22:25

De nije opset fan sosjale helpferliening fan de gemeente Ljouwert mei Netwerkcentrum Oud Oost is in grut sukses. Yn it âlde kluphûs fan VV Leeuwarden De Klomp oan de Insulindestrjitte yn Cambuursterhoek wurdt bewenners dy't swierricheden hawwe help op maat oanbean. Sa kinne minsken mei finansjele problemen administrative help krije, om harren saakjes wer op oarder te krijen.

Alle jierren wurde no sa'n 2.000 wykbewenners holpen troch in lytse 200 frijwilligers. Mar âldere minsken dy't help nedich ha yn 'e hûs of yn de tún, kinne ek by it sintrum oanklopje.

Tweintich minsken in baan

It sintrum is bedoeld om ferbining tusken minsken te krijen en se wer op 'en paad te helpen. Dat slagget aardich: it ôfrûne healjier ha tweintich minsken fia it sintrum in baan krigen. Mike Fokkema is ien fan harren. Hy wist efkes net mear hoe't hy fierder moast. Yn it sintrum gie hy yn 'e keuken oan de slach. No wurket hy ek by Van der Valk. "Ik kan nu veel beter in teams werken", seit er. "Ik ben socialer en opener."

Anne Piet Nicolai is frijwilliger by it sintrum. Hy helpt minsken dy't yn de skulden sitte. Hy hat sels ûnderfining dêrmei en dat is in foardiel, omdat er snapt wat de minsken trochmeitsje. "Ik fyn it tankber wurk en we dogge it mei syn allen", seit Nicolai. "As de iene it net wit, dan is der altyd wol in oar dy't helpe kin."

Der is in kapper oanwêzich. Minsken dy't gjin jild ha foar in knipbeurt kinne by him terjochte. De kapper wie earder in dakleaze. Fia it sintrum hat er in oplieding folge en no is er as kapper ek yn in kapsalon yn Stiens oan de slach. Populêr is ek de kringloopwinkel foar klean en lyts guod yn it sintrum.

We zijn een soort zelfvertrouwenfabriek.

Opbouwurker Senan Hudachi

Der binne in soad projekten dêr't minsken mei oan de slach kinne. Opbouwurker Senan Hudachi hopet dat aanst yn de hiele gemeente Ljouwert tsjinsten komme as dizze. It is neffens him tige wichtich dat minsken mekoar fine en helpe kinne. "Wij helpen mensen weer aan een toekomst te werken. We zijn een soort zelfvertrouwenfabriek!"

Ferslachjouwer Simone Scheffer seach by de foarsjenning

(advertinsje)
(advertinsje)